Wolris hjeard fan in Strampel as lofters? Dit binne wurden dy’t te krijen hawwe mei in einekoer. De einekoer stiet op in strampel yn de feart en in lofter is in dwérsferbyning fan de einekoer, somtiden fan tou as flaaks want eltse streek hat syn streekeigen flechtmethoden en streekeigen produkten.

San einekoer meitsje is noch net sa ienfâldich. Wolst graach op de hichte bracht wurde hoe it flechtsje hjir yn de Greidhoeke giet en noch moaier, fynst it moai om dyn eigen koer op in strampel yn de fear te setten? Dat komt dan moai út want de fûgelwacht Easterein organisearret op moandei 19 desimber in kursus einekoer flechtsje mei Sjoerd Stenekes yn it âlde Sinteklaashok op de Griene leane. Dit is de garage fan Jehannes Nauta wat we op dat stuit omtsjoene ta ien grut Swetshok. Hjir kinne max. 10 dielnimmers oan meidwaan en de kosten binne € 15 euro. Oan it ein fan de jûn meist dan dyn eigen flochten koer mei nei hûs nimme en bist in moai ein wizer fan dit âlde ambacht. Opjefte kin fia fugelwachteasterein2@gmail.com

At dér mear as 10 flechters binne dan organisearje wy yn febrewaris fansels noch in jûn. De opjefte moat foar 10 desimber by ús binnen wéze. Tiid krije jim dan noch wol troch. Wolle jim gewoan efkes sjen en/as in bierke helje dan binne jim fansels ek tige wolkom.

%d bloggers liken dit: