romke en jeltsje omrop fryslanIn sjoernaliste fan Omrop Fryslân kaam foarige wike ûnferwacht binnenfallen by de repetysje fan it jongereintoaniel fan Fuort mar los. Yn ‘e garaazje fan Ria en Gerlof Dijkstra stie de houtkachel flink te brânen en ûnder it genot fan in kopke tee mei koek wienen in oantal jongerein oan  it repetearen foar it toanielstik Romke + Jeltsje. Janneke Overal, Klaske Vellinga, Senay Sixma en Siebo Boersma mochten live foar de radio in stikje út Romke + Jeltsje = Y hearre litte en se krigen ek in oantal fragen. Neffens de sjoernaliste fan Omrop Fryslân koene je wol merke dat de jongerein wend  wienen om mei teksten en fragen om te gean: eltsenien wist hiel goed syn sechje te sizzen! Koartom, it wie in moaie erfaring. De útstjoering is te belústerjen fia útstjoering mist Radio, 20 jannewaris,15:00-16:00.

 

It toanielstik Romke + Jeltsje wurdt opfierd op 13 febrewaris om 19:15 yn Noflik Easterein. Kaarten reservearje kin fia: baukje57dejong@hotmail.comromke+jeltsje

%d bloggers liken dit: