Foto: Paul de Bruin

Foto: Paul de Bruin

Op sneon 13 febrewaris om 19:15 spilet it jongereintoaniel it stik ROMKE + JELTSJE = Y yn Noflik Easterein. It stik giet oer leafde en fertriet en it is basearre op ‘Romeo en Julia’ fan William Shakespeare. By Shakespeare rint it mei Romeo en Julia net goed ôf, mar yn it stik ROMKE + JELTSJE = Y oerwint de leafde, de freonskip en de humor. Nei ôfrin is der live muzyk fan TimeMaud! Jo kinne kaarten reservearje fia: baukje57dejong@hotmail.com. De kaarten kostje  € 6,00 foar folwoeksenen en € 3,00 foar bern oant 18 jier.

Wy hoopje jo op 13 febrewaris te sjen!

Jongereintoaniel Fuort mar Los

%d bloggers liken dit: