Qlassy(ynstjoerd troch Qlassy)

Miskien kinne jim ús wol, miskien ha jim wolris oer ús heard as miskien noch hielendal net. Dan kin jim dizze moanne mei ús yn’e kunde komme. Yn desimber treden wy namelik 4 kear op yn en om Easterein. Begjin 2012 brocht de passy foar sjongen ús yn de tsjerke fan Easterein byinoar. Sûnttiid foarmje wy in trendy kwartet mei in unike en harmonieuze miks fan stimmen, wat syn oarsprong fynt yn it karakter fan Qlassy. Ús lûd kin omskreaun wurde as dynamysk: in kombinaasje fan tradisjoneel en eigentiidsk dy’t soarget foar in bliuwende yndruk. Mei Sjoukje Heins as ús fêste begeliedster hoopje wy, Tryntsje Bouma, Nathalie Oliveiro, Janna Reitsma en Geeske Yntema, eltse kear wer in ferfrissend optreden te jaan.

De folgjende optredens fine plak yn desimber:
8 des: ‘Uitslaapdienst’ Easterein (fan 13.00 oant 13.30)
13 des: Krystmerke ‘Winterwille’ yn it tsjerke te Easterein (fan 19.45 oant 20.15)
17 des: Krystdiner Nij Stapert te Wommels
24 des: Krystnachttsjinst Easterein (fan 22.00 oant 3.30)

Dit is de lêtste moanne dat wy mei ús fjouweren sjonge, want fanôf jannewaris oant juny binne wy in trio. Janna Reitsma giet foar har studzje in healjier nei Port Alfred yn Súd Afrika. Der sil sy har ynsette foar it ferbetterjen fan it underwiis. Sa as it begelieden fan dosinten en foarsjen fan materialen. Jim kinne har folgje op www.jannareitsma.reislogger.nl.

Ek sûnder Janna bliuwe wy beskikber foar optredens. Jim kinne ús boeke troch in berjochtsje te stjoeren nei: qlassymusic@hotmail.com as www.facebook.com/qlassy. As troch te beljen nei 06-21467278 / 06-13647914. Derneist kinne jim ús ‘leuk fine’ op facebook, sadat jim op’e hichte hoden wurden fan ús optredens!

Qlassy2

%d bloggers liken dit: