IMG_7834Justerjûn wiene de parturen fan stifting KEATSFAN op besyte op de keatsfjilden fan de KF Easterein. Topkeatsers als Bauke Dijkstra, Pieter van Althuis, Jacob Klaas Haitsma, Pieter Sybren Scharringa, Hendrik Bouwhuis, Jelmer Hornstra en Steven de Bruin trainde ûnder lieding fan âld topkeatser Wybe Visser nest ús eigen jeugdtoppers. Stifting KEATSFAN komt nei de ferieningen ta om it keasten te promoten. De bern fan de KF Easterein diene mei oan de warming up en gongen dernei sels wer lekker kompetysjekeatsen. Nei it kompetysjekeatsen krigen de bern in tas, koartingsbonnen, in pen en in boekje wer se de hântekeningen fan de keatsers yn sammelje koene. De jeugdôfdieling fan de keatsferiening krige € 75 euro om te ynfestearje yn de jeugd. Fansels nei de tiid op e foto. Al mei al in tige slagge jûn.IMG_7852

%d bloggers liken dit: