De gemeente Littenseradiel is frege in ynventarisaasje te meitsjen fan karakteristyk yndustrieel erfguod yn de gemeente. Mar de gemeente wol dat net allinnich dwaan. Dêrom freget sy har ynwenners troch te jaan hokke gebouwen sy karakteristyk fine en de muoite fan it behâlden wurdich. Dat jildt net allinnich foar gebouwen yn Easterein, it giet om gebouwen yn de folsleine gemeente Littenseradiel.

Ynventarisaasje

Dizze ynventarisaasje fan yndustrieel erfguod is bestimd foar it werbestimmings-projektteam. Dat team bestiet út Stifting Monumintesoarch Fryslân, Stifting Yndustrieel Erfguod Fryslân en Stifting Doarp en Bedriuw Fryslân.

Trochjaan fan gebouwen

De gemeente moat de list mei karakteristike yndustriële gebouwen uterlik op freed 11 jannewaris trochjaan. Witte jo in gebou dat de titel Yndustrieel Erfguod fertsjinnet? It gebou moat oarspronklik bedoeld west hawwe foar yndustry, handel of iverichheid. Jou it dan uterlik tongersdei 10 jannewaris oan ús troch. Trochjaan fan gebouwen kin fia k.abma@littenseradiel.nl of tillefoanysk ûnder iepeningstiden, (0515) 334470.

%d bloggers liken dit: