Gerben Kooistra hat sneintemiddei 20-maart om goed 18.30 it 1e ljipaai fan de Fûgelwacht Easterein fûn. De measte betûfte aaisykers hiene de moed al opjûn en sieten al by de frou oan in gléske bier as wyn. Gerben liet him troch it reinige waar nét thús hâlde en sette ôf nei it maislân fan mts Bouma. Ferline jier hie Gerben ek it 1e ljipaai fan de Fûgelwacht. Die fûn hy it ljipaai op 15 maart op it Hartwerder kleaster. It frije fjild is no ticht en de aaisykers begjinne no mei de neisoarch. Wol is it lân noch iepen foar it 1e jeugdaaike. Jeugdkritelân is dit jier by Sj. Bonnema op de Pôle. Wost in kear mei it lân yn foar de neisoarch, nim dan efkes kontakt op mei Bauke Dijkstra

%d bloggers liken dit: