Oranje en Heitelân

Fan herte wolkom op de nije webside fan de Oranjeferiening. We ha no in plakje krigen op Easterein.nl. Hjir fyne jo  ynformaasje oer de Oranjeferiening Oranje & Heitelân. Sa as foto’s, feestprogramma, ferslagen ensafuort hinne.

De Oranjeferiening is natuerlik fan it doarpsfeest! Derneist is Keningsdei ek in fêst ûnderdiel fan ús feriening om dy dei te organisearjen.

Jiergearkomste fan ús oranjeferiening wie op woansdei 7 febrewaris 2018. Deryn is in stemming west oer ús bier foar dit jier. Der is besletten dat we geane foar Heineken yn aluminium fles.

Dit jier binne de doarpsfeesten op tongersdei 21 juny en freed 22 juny 2018. Der is dit kear gjin tema.

Dit jier bestiet de oranjeferiening 80 jier, derom giet it  wer oan! We dogge in bûntejûn op de tongersdeis fan de doarpsfeesten. Dêrnei is der muzyk fan Las Banditas. Op freed is der matinee mei Butterfly en jûns nei de bingojûn spilet de band Solid Ash foar ús.

In akt op de bûntejûn mei maksimaal 5 minuten duorje. Foar de rest bin der gjin richtlijnen. Betink wat leuks en jou dy op sneon 16 juny op yn Skoalleseize.

Op freed 22 juny is ús bingojûn foar jong & âld! It start om 19.30 oere en der binne moaie prizen te winnen.

Us fotoargyf kinne jo hjir fyne op Google +

.

Groetnis fan Oranje & Heitelân

De bestjoersleden binne: Abe-Jan Stegenga, Ruurd Overwijk, Jelte de Boer, Klaas Galema, Jan Jetze Brouwer, Christian Hoekstra, Vera de Vries, Hieke van der Ploeg en Tineke Meijer

Us mailadres is info@oranjeenheitelan.nl. Der kinne jo ek terjochte foar jo fragen oer it yntekenjen as lidmaatskip.


test

test caption