Moandei begjint it hekkeljen fan de Sebeare!

Beste ynwenners fan Easterein,

Witte jim it noch,  de crowdfundaksje foar it befarber meitsjen fan de farwegen rûnom Easterein?! No, it is safier!! Leanbedriuw Okkema start moandei mei it hekkeljen fan de Sebeare!!

Ein foarich jier wie it lan te wiet…en dêrnei krigen we de Flora en Fauna wet…. Mar moandei 18 juny giet it oan! Sy hawwe tasein dat de fearten foar de boufak hekkele binne. Dan is it dêrnei oan ús as ynwenners om der fan te genietsjen! Safolle mooglik jim fakânsje ticht by hûs planne om der op út mei de boat!
 
Mochten jim fragen as ideeën ha dan kinne jim terjochte by:
Jelle Bouma en Cor Rijpma (Hidaard), Hans Hettinga (Hartwert) en Catharina Veenstra (Easterein)  0641004149  / wertrochdegreidenfarre@gmail.com :

Lit in antwurd achter / Laat een antwoord achter

*

captcha *

Deze website gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.