Eastereiner feesten programma tongersdei

Kommende tongersdei en freed binne de Eastereiner feesten. It programma sjocht der sa út:

8.00 Foar de skoalbern is der in MINI OPTOCHT. Se gean ferklaaid troch de buorren om jo op te

heljen om nei de feesttinte te kommen. Opjaan is net nedich. Alles kin en alles mei!

9.00 Start mei KOFJE DRINKE op it fjild.

9.30 KEATSEN yn mar leafst 6 klassen. Der is in aparte klasse foar de jeugd, bedoelt foar de bern dy’t

no yn groep 8 sitte oant 16 jier.

Kom op tiid, oars begjinst mei in efterstân mei it keatsen.

10.00 FOLLYBAL yn 4-tallen. Krekt as by it keatsen meie de bern fan groep 8 ek meidwaan. Betink in

namme foar jim team en jou jim op.

11.00 KLAVERJASSEN yn de tinte. Graach opjaan fan te foarren. We gean echt om 11.00 los sadat der

trije beamen lein wurde kinne.

Der is wer sop te keap foar it goede doel! Dit kear net by de kantine mar by de tinte.

11.00 SPEKTAKELSPUL foar groep 1 o/m 3.

13.30 SPEKTAKELSPUL foar groep 4 o/m 8.

15.00 In gesellich stikje muzyk fan GERRIT POORTINGA

Folle fan syn nûmmers kinst meisjonge! Fan Neil Diamond oant Johnny Cash,

Guus Meeuwis, John Denver en de Bee Gees, alles komt foarby. Mei dit repertoire

is it dreech om dyn lippen op elkoar te hâlden!

17.00 PRIISÚTRIKKING fan alle aktiviteiten yn de tinte.

19.15 BUNTEJUN

Easterein leef jim út! Elstenien kin mei dwaan. Alles kin en mei. De ienige rigel is dat it net langer

as fiif minuten duorje mei.

22.00 Jûns spilet de band LAS BANDIDAS

In super entûsjaste en swingende frouljus rockband út Fryslân. It repertoire komt út de jierren

60 en 70, âlde swingjende pareltsjes út de muzykhistoarje soargje der foar dat jo swingen bliuwe

oant jo der by delfalle….

 

Lit in antwurd achter / Laat een antwoord achter

*

captcha *

Deze website gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.